Blog: Woansdei 9 july op de Vega Gamleby

Nei hiel ûnrestich waar en in wylde nacht is it om fjouwer oere nachts wer tiid om fan it bêd ôf te kommen. Jo soene sizze dat jo noch lang net fan bêd ôf wolle, mar eins is it krekt hiel lekker om sa betiid dêrôf te gean. Alle moarnen it opkommen fan de sinne mei allinnich de see om dy hinne is absolút in oanrieder. Gelokkich hawwe wy it minne waar efter ús litten en kinne wy hjoed wer genietsje fan de sinneskyn. In ferromming nei it rûge waar fan juster. Eltsenien droeget syn of har klean op it dek en guon minsken doare it sels oan om harren mei it kâlde seewetter te waskjen.
Om de dagen troch te kommen wurde in protte spultsjes spile. Hjoed wie it tiid foar it Moardspul. Eltsenien krige trije kaartsjes mei dêrop in lokaasje, in moardwapen en in slachtoffer. Nynke moast bygelyks fermoarde wurde mei in komkommer en der waard sels ien fermoarde by it beklimmen fan in rêch. It is moai om te sjen dat de groep no al sa hecht is en sa mei-inoar laitsje kin.
Neist it silen en de spultsjes is it ek de bedoeling dat wy elkoars lân en kultuer kennen leare. It sieden fan iten is dêr in ûnderdiel fan, mar ek it jaan fan in presintaasje heart derby. Fansels fertelle wy yn ús presintaasje oer Nederlân en oer typysk Nederlânske gewoanten lykas Sinteklaas, om 18:00 oere ite en blowe. Wy dûnsen mei-inoar de polonêze, songen it folksliet en lieten ús oranje shirts sjen. Dy oranje shirts hienen wy fansels net allinnich oan foar de presintaasje, mar ek om it Nederlânsk alvetal oan te moedigjen. Oan board is it spitigernôch net mooglik om de wedstriid te folgjen, mar dochs wachtsje wy yn spanning ôf wat de útslach is.
Yn de race dogge wy it noch hieltyd goed. Neffens de lêste berjochten binne we tredde yn ús klasse en njoggende yn it hiele klassemint. Wy skriuwe dit blog mei útsjoch op de sinne dy’t ûndergiet yn de see en wy hoopje dat wy moarn om fjouwer oere de sinne wer opkommen sjogge.