Blog: Tiisdei 8 july 2014 op de Vega Gamleby

It waar is omslein. Der binne tsjustere wolken foar de sinne kaam en der is hurde wyn. It libben oan board wurdt hjirtroch dreger. Wy kinne net mear bepale hokker kant wy op sile, nei de wc gean is in hiele útdaging en droege klean oandwaan is ek ûnmooglik.
Hjoed wie it ús beurt om iten te sieden en dat foel net ta. Omdat it de Nederlânske jûn wie, stie hutspot op it menu. Dat liket in maklik miel, mar op see is sels it meitsjen fan hutspot in hiele opjefte. Mei 54 minsken oan board stie der sân kilo ierappels en fiif kilo woartel op it fornús. Alles moast goed fêststean en wy moasten ek soargje dat wy ússels steande hâlden. Botsingen en knuffels, it heart by it libben op see. Mar dochs smakke de hutspot goed en sels de bûtenlanners fûnen it Nederlânske miel mei de woarst lekker.
Nei it iten wie it tiid foar de ôfwask en, omdat de wettermakker kapot wie, moast it mei seewetter. Op 'e knibbels op it dek waard dizze klus útfierd. De weagen waarden hieltyd heger, dus it skip gie hieltyd mear hinne en wer. Op ‘e nij hongen der in protte minsken oer de reling (wy net, hear). Troch it minne waar waard it feiligensnet ophongen oan de reling. Ek waard der in ‘safetyline’ spand om dy oan fêst te hâlden, op dizze wize koenen wy ús feilich ferpleatse.
Nei ús wacht moasten wy op bêd en dat foel ek net ta. Guon bêden wiene hielendal wiet trochdat it skip fan hout is en dêr lekkaazje ûntstiet. Gelokkich wie ús bêd droech! Mar trochdat wy foaryn de boat sliepe, fiele wy dat wy hiel bot hinne en wer gean mei de boat. Dat is moai foar ien nacht, mar wy hoopje dat wy moarn wer wat better sliepe kinne.