'Klear foar de WMO-wet'

Soarchbelang Fryslân sil net lyk as Zorgbelang Drenthe yn aksje komme tsjin de nije WMO-wet (Wet Maatschappelijke Ondersteuning). De Earste Keamer stimde tiisdei yn mei de nije wet. Dy wet regelet dat de ferantwurdlikheid foar de soarch foar âlderein en beheinden yn 2015 oerdroegen wurdt oan gemeenten.
RTV Drenthe melde woandei dat Drintske gemeenten yn gearwurking mei Zorgbelang Drenthe oan in plan wurkje om de WMO-wet pas yn 2016 yn stee fan 2015 fan krêft gean te litten.
Benammen om't de gemeenten yn dat jier ek al ferantwurdlik wurde foar jeugdsoarch en de partisipaasjewet.
Direkteur Margreet de Graaf fan Soarchbelang Fryslân seit dat der goed oerlis is mei de Fryske gemeenten. 'Wy sille in ekstra meldpunt opsette, dêr't minsken dy't tusken wâl en skip driigje te fallen har melde kinne. Fryslân wol gjin útstel. Leaver sjitte wy te help op de plakken dêr't it net fuortendaliks goed ferrint. En no kinne wy alles yn ien kear oanpakke.'