Westra achtste yn Tour-etappe

Lieuwe Westra © ANP
Lieuwe Westra fan De Tynje is woansdei as achtste einige yn de fyfde etappe fan de Tour de France, 1 minút en 9 tellen achter de Nederlânske winner Lars Boom fan de Belkin-ploech. Westra makke yn de rit tusken Ieper en Arenberg lange tiid diel út fan de kopgroep en die yn de finale in soad wurk foar syn kopman Vincenzo Nibali. De Italiaan bliuwt lieder yn it klassemint, mar wreide mei troch de help fan Westra syn foarsprong út op oare kânshawwers sa as Bauke Mollema, Alberto Contador en Alejandro Valverde.
De oerwinning fan Lars Boom betsjut de earste Nederlânske etappewinst yn de Tour de France sûnt 9 july 2005. Eksakt njoggen jier lyn wie it Pieter Weening fan De Harkema dy't as lêste Nederlanner in rit yn La Grande Boucle wûn, yn Gérardmer.