Jild foar Shared Green Space

© Google Street View
De Provinsje Fryslân hat goed 35.000 euro beskikber steld foar it projekt Shared Grien Space fan projektburo Súdwesthoeke. Dat is it eardere Plattelânsprojekten.
It jild moat brûkt wurde om de fertutearzing fan iepenlizzende terreinen tsjin te gean. Doarp- en wykbewenners meie sels meitinke hoe't se dy gebieten opknappe en ynrjochtsje wolle. By it ûnderhâld fan de gebieten kinne se help fan profesjonele organisaasjes krije.
Op it stuit rinne der al trije proefprojekten yn Snits, Himmelum en Harich dêr't bewenners in alternative ynfolling betocht hawwe foar fersutere gebieten.