Nije opset Feanhoopfestival

09 jul 2014 - 17:12
  • It Feanhoopfestival yn in eardere edysje

It Feanhoopfestival krijt dit jier in bredere opset. Op it festivalterrein komt der in twadde, healiepen tinte foar sawat fjouwerhûndert minsken by. Dêrtroch kinne der mear as tweintich bands optrede. Fierders komt der ek in iepen poadium foar jong talint. De sneons wurdt ien lange festivaldei dy't fan 4 oere middeis oant healwei 3 nachts duorret.

Oan de programmearring fan it festival feroaret fierders neat. It fjouwerdaagse festival fynt plak fan 18 oant en mei 21 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)