Lilk oer grutskalige beammekap

09 jul 2014 - 14:26

GrienLinks is lilk op de gemeente De Fryske Marren omdat dy in hiel soad beammen omseagje wol. De gemeente moat besunigje en wol dêrom takom jier 5000 oant 10.000 beammen fuorthelje. Dêrmei hopet de gemeente 3,5 ton te besparjen op ûnderhâld. De gemeente beheart mei-inoar 50.000 beammen.

De earste tsjinstanners tsjin de beamkap hawwe al protest oankundige. Ek GrienLinks is bot op it omseagjen fan de beammen tsjin. De partij tinkt dat bewenners sels ek wol ree binne om frijwillich wat ûnderhâld te dwaan.

Trefwurden: 
GrienLinks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)