Home Construct fallyt

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean binne de 25 wurknimmers fan it bedriuw Home Construct woansdei ûntslein. It bedriuw makket fakânsjehúskes. It is fallyt ferklearre. Neffens de kurator is de oarsaak noch net hielendal dúdlik, mar it bedriuw stie der al in skoft finansjeel net goed foar.
Der hawwe harren ûnderwilens al ferskate kandidaten meld foar in trochstart fan Home Construct. Dat soe sels mooglik wêze op deselde lokaasje op It Hearrenfean.