Dongeradiel tsjin skalygas

Der is in soad ferset tsjin it mooglik winnen fan skalygas © ANP
Dongeradiel hat beswier makke tsjin de mooglikheid om skalygas te winnen yn de gemeente. Ut ûndersyk fan it ryk hat bliken dien dat it noarden fan Fryslân geskikt wêze soe om skalygas út de grûn te heljen, mar dat wol de gemeente net.
De ried hat earder al oanjûn dat se tsjin de winning binne yn ferbân mei de mooglike risiko's foar it grûnwetter. De gemeente set dy krityk no krêft by mei in offisjeel beswier. Yn Dongeradiel is ek de NAM al aktyf. Dy wint dêr ierdgas.