Cambuur fierder mei sponsor

09 jul 2014 - 10:21
  • SC Cambuur

Bougroep Dijkstra Draisma hat it sponsorkontrakt mei SC Cambuur mei in jier ferlingd. Nei petearen mei ferskate partijen hat de fuotbalklup dochs wer keazen foar de bougroep. Dêrmei is it boubedriuw foar it fiifde jier op rige de haadsponsor fan de Ljouwerters.

De fuotbalklup hopet de kommende tiid de plannen foar in nij stadion klear te krijen. Cambuur sjocht de bougroep dêrby as in goede partner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)