Rûzje om hûnen en kat

09 jul 2014 - 09:59

In Snitser (50) hat tiisdeitejûn in stêdsgenoat (54) mei in wapenstôk bedrige. It slachtoffer rûn mei syn fjouwer hûnen foar it hûs fan de fertochte oan de Westersingel del. Ien fan de hûnen reagearre fûl op de kat fan de fertochte. Dy kaam nei bûten en de twa krigen spul. De man hat dêrnei de wapenstôk ophelle en it slachtoffer dêrmei bedrige.

De plysje hat de Snitser oppakt en it wapen yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)