Man út it wetter rêden

08 jul 2014 - 21:27

In omstanner hat tiisdeitejûn yn Ljouwert in man út it wetter rêden. De man wie troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter fan de grêft by de Nieuweweg telâne kaam. De omstanner wist de man wer op de kant te lûken.

Ambulânsepersoniel hat earste help ferliend. It slachtoffer is troch de brânwacht mei in brankaar omheech takele. Hy is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)