700 banen faai by Friese Land

Thússoarch Het Friese Land moat nei 1 jannewaris sânhûndert húshâldlike helpen ûntslaan, as der neat bart. It Ryk wol miljarden euro's op de soarch besunigje. Dat betsjut dat de gemeentlike bydragen om it hûs skjin te hâlden, skrast wurde. As dat trochgiet, moat Fryslân rekken hâlde mei it ûntslach fan tûzenen helpen by alle thússoargen.
It Ryk stelt 75.000 euro ekstra beskikber foar sike minsken dy't de húshâldlike help net betelje kinne. Dat is omrekkene minder as in euro yn 'e oere en lang net genôch, seit Kuilman fan Het Friese Land.
De direkteur fan Het Friese Land ferwachtet dat er miskien krapoan trijehûndert húshâldlike helpen yn tsjinst hâlde kin.