Nije stúdzje meartaligens

08 jul 2014 - 15:20
  • Multilingualism Ryksuniversiteit Grins

De Ryksuniversiteit Grins kriget in fêstiging yn Ljouwert. It giet om it programma 'multilingualism'. Dat rjochtet him op it bestudearjen fan meartaligens en alles wat dêrby heart. De stúdzje wurdt oanbean troch de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de universiteit yn Grins.

As ûnderdiel fan de University Campus Fryslân wurdt de stúdje foar in part betelle troch de Provinsje Fryslân. It ôfrûne jier hie de oplieding tolve studinten út acht lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)