Zeinstra dochs nei WK-finale

08 jul 2014 - 14:34
  • It skiedsrjochtersteam mei rjochts Erwin Zeinstra fan Dronryp
  • It skiedsrjochtersteam mei rjochts Erwin Zeinstra fan Dronryp

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp sil it Nederlânsk alvetal oanmoedigje yn Brazilië as se de finale helje. Dat is tiisdei bekendmakke doet Zeinstra mei syn kollega's Sander van Roekel en Björn Kuipers wer yn Nederlân oankamen.

Neffens skiedsrjochter Kuipers sil it trio tongersdei by in goed resultaat fan Oranje werom nei Brazilië foar de finale. 'We gaan dan als supporter en uiteraard gekleed in het Oranje', sa sei Kuipers.

Kuipers, Zeinstra en Van Roekel hawwe op it WK fuotbal trije wedstriden fluite, mar se moasten nei hûs, omdat Nederlân by de lêste fjouwer lannen sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)