Tjermelân kriget karmerk

08 jul 2014 - 12:07
  • Tjermelân

Fakânsjepark Tjermelân op Skylge kriget as earste Fryske rekreaasjepark it streekkarmerk Waddengoud. Eigener Melis de Vries ûntfangt it karmerk tongersdei út hannen fan Oeds Bijlsma fan de provinsje Fryslân.

Mei de moaie lizzing by natuerreservaat De Boskplaat en it organisearjen fan saneamde stjertochten troch de omlizzende natuer op it Waadeilân biedt Tjermelân neffens Waddengoud in ûnderskiedende en ferantwurde Waadûnderfining oan de gasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)