Hierboat net werombrocht

08 jul 2014 - 11:51
  • Plysje

In 34-jierrige Ljouwerter en in 38-jierrige Snitser binne moandeitejûn oanhâlden op fertinking fan it mooglik trochferkeapjen fan in stellen boatsje. De manlju hiene it boatsje ferline wike hierd, mar net werombrocht.

De eigener hat oanjefte dien by de plysje. In tsjûge seach de beide manlju moandeitejûn farren op de Nijesyl by Drylts. De plysje hat de manlju dêrnei meinaam nei it plysjeburo. It boatsje is werom by de eigener.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)