Tuktuks út Lauwerseach by Rieu

Trettjin tuktuks út Lauwerseach ride de kommende twa wykeinen mei spesjale gasten. De motorisearre trijetsjillers wurde ynset by de muzikale show fan André Rieu om orkestleden te ferfieren. Eigeners Frank en Peternel Loonstra fan de tuktuks út Lauwerseach ride sels mei as sjauffeur.
De shows fan André Rieu binne op it Vrijthof yn Maastricht. De tuktuks wurde mei frachtweinen nei Limboarch brocht.