Blog: Moandei 7 july 2014 op de Vega Gamleby

Nei ús earste nacht sliepe op de hege weagen, wurde wy om kertier foar fjouweren fan bêd ôf helle. Fluch derôf, waarme klean oan en nei it dek, want om fjouwer oere moatte wy op it dek wêze foar de wacht. Wacht hâlde betsjut dat je op it dek wêze moatte om wat wurk te dwaan. Hjirby kinst tinke oan op ‘e útkyk stean, stjoere en helpe mei it hysjen fan de seilen of it bystellen fan de seilen.
Wannear’t wy op it dek binne, liket it rêstich waar en in moaie dei te wurden. Mar rêstich waar betsjut net altyd in rêstige see. Dit blykt wol wannear’t Nynke al gau oer de reling hinget. Neidat sy ferskate kearen it wetter goed besjoen hat, nimt de mislikheid gelokkich wer ôf. De wacht ferrint fierder rêstich, ien kear it seil hysje en fierder genietsje wy fan it útsicht wannear't it ljocht wurdt. Om 08:00 oere is ús wacht ôfrûn en falle wy op it dek yn de sinne yn sliep. Mar foar de start fan de race binne wy fansels wer wekker.
Om 12:00 oere samelje alle dielnimmers harren by it startplak en genietsje wy fan de moaie skippen. Wannear't it startskot jûn wurdt, besykje alle skippen sa gau mooglik fuort te farren. Mar trochtdat der hielendal gjin wyn stiet, bliuwe alle skippen lang by mekoar dobberjen. Nei in tiidsje is der wol ferskil te sjen en litte wy hieltyd mear skippen achter ús. Middeis om fjouwer oere hawwe wy wer wacht en ek no is it wer lekker rêstich. Wy kinne hearlik fan de sinne genietsje en leare in pear knooptechniken.
Om 19:00 oere hinne krije wy in grutte panne mei iten, betocht en klearmakke troch de Finske trainees. Gelokkich binne der no net mear safolle minsken seesiik en genietsje wy folop fan it iten. Om 20:00 oere is ús wacht ôfrûn en blykt dat wy goed sile. Wy hawwe al in protte skippen achter ús litten en binne sels it skip Sørlandet foarby! De Sørlandet is net allinnich in hiel grut skip, mar ek noch it âldste tallship yn Noarwegen.