Ein fiskerij yn Laaksum driget

08 jul 2014 - 11:02

Laaksum driget de lêste twa fiskers te ferliezen. De bruorren Jan en Joop de Vries fiskje yn 'e Iselmar op bot, dat sûnt 2009 in erkend streekprodukt is. Dat diene se oant no ta altyd mei 24 netten. Mei it nije fiskerij-akkoart, dat ferline wike presintearre is troch steatssekretaris Sharon Dijksma, sjocht de takomst der net goed út. De bruorren meie no noch mar fiskje mei acht netten. Se rinne dêrtroch in soad ynkomsten mis.

Jan en Joop de Vries hawwe beswier oantekene tsjin de nije maatregel. As dat neat opsmyt, moatte se miskien ophâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)