Blog: Snein 6 july 2014 op de Vega Gamleby

Neidat wy hiel betiid út bed moasten, begjinne wy mei stevich moarnsiten. Brij mei sjem, Sweedske droege bôle en roggebrea. It moat even wenne, mar it is dochs wol lekker. As wy it moarnsiten achter de kiezzen hawwe, geane wy oan it wurk. It dek moat skrobbe wurde, de ôfwask stiet op ús te wachtsjen en ek de iennige wc oan board moat skjinmakke wurde. Neidat alles skjin is, is it tiid foar wat spultsjes om elkoar it silen te learen. Ek dogge wy wat spultsjes om knopen te learen en elkoars namme te learen. En dat lêste liket makliker as tocht. Wannear't it doek nei ûnderen falt, moatte twa minsken elkoars namme roppe. Mar by ús bliuwt it faak stil. De Sweedske, Noarske en Finske nammen binne dochs in lyts bytsje oars as de Nederlânske. Huik en Aapely kinne wy bygelyks dreech ûnthâlde en foaral it útsprekken is in hiele opjefte. Nynke en Welmoed is foar de oaren ek hiel dreech.
Nei dit spultsje hawwe wy noch twa oerkes frij. It earste dêr’t wy fansels oan tinke is dûse en nei de supermerk, om dochs noch even wat fertroud Nêderlansk spul mei te nimmen. Wy genietsje folop fan de dûs, want dit sil nei alle gedachten de lêste kear wêze dizze kommende wike. Nei de dûs en de supermerk is it tiid foar de feiligensynstruksjes. Dizze binne hiel wiidweidich en wy meie sels in oerlibbingspak besykje. Droech oan dek is dat pak wol hiel waarm, mar yn de kâlde see liket ús dat dochs wol hiel handich. Troch dizze ynstruksjes fiele wy no wol in bytsje spanning, it is dochs net niks sa’n sylreis. As de ynstruksjes ús dúdlik binne, geane wy fierder mei it klimmen fan de ‘rig’. Wannear’t wy krekt begjinne wolle, is der in oar plan. It is nammentlik tiid om fan wâl te stekken!
Nei in tiidsje, mei wat geduld foar de brêgen, begjinne wy dan oan ús reis. Wy hoopje dat it earste diel fan ús reis net te fergelykjen is mei de rest fan de reis. Wy farre nammentlik mei de motor oan en dy rein hoecht fan ús ek net. Foardat wy de seilen omheech helje kinne, moatte wy fansels earst wat mear kennis hawwe oer it silen. Op it dek mei de grutte weagen, hurde wyn en rein krije wy útlis oer de belangrykste Sweedske kommando’s. ‘Halla’ roppe wy foar it hysjen fan de seilen, ‘fira’ foar it fieren. ‘Feá’ betsjut dat je as it ware befrieze mei wat jo dogge. Sweedsk en Nederlânsk liket dochs wol in protte op mekoar, jo sprekke it allinnich in bytsje oars út. Neidat wy kommando’s krigen hawwe, is it dan lang om let tiid om de seilen te hysjen. Mei-inoar hingje wy yn de touwen en komme wy der achter dat je as wiere seeman, of yn dit gefal frou, dochs wol spierballen nedich hawwe. No't wy dit ûnder de knibbel hawwe binne wy klear foar de race fan moarn.