Jongesdream Krol komt net út

De dream fan Martijn Krol fan Wytmarsum om piloat te wurden komt net út. Hy hat de 135-tûzen euro dy't nedich is foar de oplieding net byinoar krigen. Krol besocht fia crowd funding (mienskipsstipe) it jild byinoar te krijen om yn Ingelân in piloate-oplieding te folgjen. Nimmen hat lykwols jild tasein oan Krol.
Martijn hat sûkersykte en wurdt yn Nederlân dêrom net talitten op de oplieding foar boargerpiloaten. Mar yn Ingelân kin dat wol. Probleem is allinnich dat hy it sels betelje moast.