Drankkontrôle skelters Skylge

07 jul 2014 - 16:27

It wurdt in drokke simmer foar de drankkontroleurs op Skylge. Foar it earst meie jongeren tusken de 16 en 18 gjin alkohol mear drinke en krekt dat is de groep dy't nei it waadeilân ta komt. Foarhinne waard der dan flink dronken troch de jongerein, mar de kontroleurs fan de gemeente moatte dat no foarkomme.

Boppedat moatte se ek de bern fan it eilân sels yn de gaten hâlde. Dy ride simmerdeis mei harren skelters op en del tusken de supermerk en de kampings om de boadskippen nei de fakânsjegongers te bringen.

Mar alkohol mei net tusken dy boadskippen sitte. Oars binne ek dy bern yn oertreding. Dit wykein moasten de kontroleurs foar it earst op 'en paad. Se hienen it benammen drok mei it kontrolearjen. Boetes waarden der hast net útdield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)