Gjin nije ynfo oer Cuperus

De fermiste Sicco Cuperus © www.politie.nl
De maresjesee siket noch hieltyd nei harren fermiste kollega Sicco Cuperus út Ljouwert. Ofrûne wike waard noch twa kear socht yn Marrum en omkriten. Dêrby waarden speurhûnen en in helikopter ynsetten.
De opperwachtmaster is sûnt it pinksterwykein spoarleas. Twa wiken lyn hie de maresjesee in flyeraksje oan it Fliet yn Ljouwert, dêr't Cuperus wennet. Dat hat noch gjin nije ynformaasje of tsjûgen opsmiten. Der wurkje fyftjin resjersjeurs oan de saak.