Stellerij út sloopwenning
In 51-jierrige man út Drachten is sneintenacht oppakt foar stellerij en ynbraak yn in sloopwenning oan de Burefen. In tsjûge seach de fertochte de sloopwenning yngean. Hy fertroude it net en belle de plysje. Dy hat de man oppakt. Yn de auto fan de Drachtster hat de plysje guod fûn dat nei alle gedachten stellen wie.