Twa diseldieven oppakt

Jerrycan
Twa Ljouwerters binne sneintenacht oppakt foar diselstellerij. It duo hie brânstof ôftape út twa frachtweinen, dy't op de Herewei by Eastersee parkearre stienen. In tsjûge seach de twa dieven en warskôge de plysje. Dy hat de Ljouwerters (22 en 27 jier) oanholden. Yn de auto fan de fertochten fûn de plysje twa jerrycans mei disel. Ek stonk de âldste fertochte nei disel, meldt de plysje.