Lieuwe Westra kniest ribben

07 jul 2014 - 06:53

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje kin gewoan troch yn de Tour de France. Dat lit hy op twitter witte. Hy skriuwt dat er goed nijs hat omdat er folút fierder kin.

Westra wie snein yn de twadde etappe yn de Tour de France belutsen by in falpartij. Hy kaam dêrby hurd op syn ribben telâne. Ek hat er lêst fan syn knibbel.

De rider fan Astana is yn dizze Tour helper fan de Italiaan Vincenzo Nibali. Dy pakte juster de oerwinning en de giele trui. Westra finishte snein op it 92e plak, tsien en in heale minút achter Nibali.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)