200-tûzen besikers TSR Harns

Goed 200.000 minsken hawwe de ôfrûne dagen in besite brocht oan de Tall Ships Races yn Harns. Dêrmei leit it tal besikers leger as ferwachte wie. De organisaasje hie hope op sa'n 350-tûzen minsken. It minne waar fan sneon is de oarsaak fan it legere oantal besikers, seit de organisaasje.
Yn ferbân mei it reinwetter fan dy dei waarden ferskate festiviteiten skrast. De organisaasje fan de Tall Ships Races is lykwols wol tefreden oer it ferrin fan it evenemint. Sa'n sechstich Tall Ships leinen de ôfrûne dagen yn de haven fan Harns.
Snein waard it evenemint offisjeel ôfsletten mei de Sail Out, wêrby't alle skippen de haven útfarden. Moandei farre se de earste etappe nei Frederiksstad yn Noarwegen.