'Dúdlikens oer Houkepoort'

Projektûntwikkeler VolkerWessels wol noch dit jier mei definitive plannen komme foar it Houkepoortprojekt yn Snits. It is de bedoeling dat der hûnderten nije wenten boud wurde. Merkûndersyk moat útwize hokker type wenten. Neffens Súdwest-Fryslân giet it yn els gefal om huzen mei in tún oan it wetter. Earder wiene der plannen foar de bou fan 250 lúkse wenten, mar it slagge net om dy ferkocht te krijen.
Mei in spesjale webside en it útdielen fan folders besiket VolkerWessels de Snitsers meitinke te litten oer de ynfolling fan Houkepoort.
Wannear't dan de earste peal de grûn yn giet is noch net dúdlik.