Wer winst partoer Olijnsma

06 jul 2014 - 21:39

Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma ha de twadde oerwinning yn de frije formaasje te pakken. Nei de winst in wike lyn yn Harns, waard no Huzum wûn. Om priis en preemje waard it trio fan Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar mei 5-2 en 6-6 ferslein. De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger. Marten Feenstra waard krekt as in wike lyn de kening fan de partij.

Trefwurden: 
keatsen Martijn Olijnsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)