TSR wolle wol wer nei Harns

06 jul 2014 - 15:59
  • It Russyske opliedingsskip Kruzenshtern ûnderweis op de Waadsee

De Tall Ships Races komme yn 2018 mooglik nochris nei Harns. De ynternasjonale lieding fan de sylwedstryd wie bot te sprekken oer hoe't it evenemint de ôfrûne dagen ferûn is en hat de organisaasje yn Harns dêrom frege om nei te tinken oer in ferfolch. Tsientûzenen minsken kamen ôf op de grutte skippen dy't yn de haven fan Harns leine. Fan Harns begjinne de skippen oan de sylwedstriid nei Frederikstad, Bergen en Esbjerg.

Skippen út hiel Europa dogge dêroan mei. Der wiene ek tal fan optredens yn de haven fan Harns.

Foarsitter Jan Reijer Arends fan de organisaasje yn Harns soe de Tall Ships Races graach noch in kear nei Harns helje. Hy sil hjir nije wike oer prate mei boargemaster Sluiter fan Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)