Kopstjit yn Donkerbroek

06 jul 2014 - 12:57

Yn de feesttinte fan Donkerbroek is sneontenacht in 16-jierrige jonge oppakt. Hy woe tegearre mei in maat de feesttinte yn, mar der mochten gjin minsken mear yn. De twa woene perfoarst nei binnen en besochten fia in yllegale yngong der yn te kommen. In befeiliger trapearre de twa. Doe't dy it twatal tsjinhâlde woe, krige er in kopstjit fan de 16-jierrige jonge.

De befeiliger wurke him tsjin de grûn en de plysje hat him meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)