Clafis wint Solar Challenge

05 jul 2014 - 17:01

Nei acht dagen farren wie sneontemiddei de finish fan de Solar Challenge yn de Prinsetún yn Ljouwert. De lêste etappe gie fan Harns nei de Fryske haadstêd. De winner yn de topklasse wie, lykas ferwachte de sinneboat fan it team Clafis út Ljouwert.

It solarboat team fan NHL Hegeskoalle slagge der krekt net yn de winst te pakken yn de heechste A-klasse. De Ljouwerters kamen yn de Prinsetún as twadde oer de finish. It Scigrip solar boat team út Poalen wie krekt wat rapper en pakte de einsege yn de A-klasse.

Trefwurden: 
finish solar challenge Clafis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)