'Sinneboat-race nei Amsterdam'

05 jul 2014 - 16:53

De kâns bestiet dat de start fan de Solar Challenge oer twa jier yn Amsterdam is. Boargemaster Van der Laan fan Amsterdam is posityf oer in start yn syn stêd, sa hat er syn kollega Ferd Crone fan Ljouwert witte litten. De twa ha kontakt hân oer de Solar Challenge. De start yn Amsterdam is noch net definityf, mar Van der Laan lit witte de mooglikheid graach ûndersykje te wollen.

De sinneboaten soene dan troch de grêften fan Amsterdam farre kinne. Crone fertelde dit sneon op de gemeentlike ûntfangst fan de sinneboat-karavaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)