Minder folk iepen dei It Fean

Nei jierren mei 10.000 minsken of mear, foel de belangstelling sneon wat ôf by de iepen dei fan Sportklup Hearrenfean. Hearrenfean hat oardel wike lyn in nije gersmatte oanlizze litten. De groundsman is dêr tige wiis mei, mar fanwege de nije gersmatte wiene op de iepen dei alle aktiviteiten bûten it stadion.
Bern koene in baltsje trappe, der wiene luchtkessens, presintaasjes fan supporterferienings en ek de spilersbus wie iepen. Trije nije spilers setten hantekens ûnder in kontrakt: Jordy Buijs, Maarten de Fockert en de jonge Noor Thorsby.
De opkomst foel sneon mei sa'n 5000 man wat ôf, mar it earedivyzjefuotbal begjint al wer oer in moanne.