Ryptsjerk hat fuotbalfjildsje

De jongerein fan Ryptsjerk hawwe nei lang wachtsjen lang om let in eigen fuotbalfjild. Se hawwe dat hielendal sels foar inoar krigen. Twa jier lyn stapten se in byienkomst fan doarpsbelang binnen mei it fersyk om in braaklizzend fjildsje njonken doarpshûs De Doarpsein dêrfoar brûke te meien.
Doarpsbelang hat dat no nei oerlis mei de beurt en in syktocht nei doelpealen foar inoar krigen.