FK Mêstklimmen skrast

Oane Galama © Omrop Fryslân, Koos Wieling
It Frysk Kampioenskip mêstklimmen, dat sneontemiddei yn Akkrum hâlden wurde soe, giet net troch. Dat hat de organisaasje sneontemoarn besletten. Reden binne de buien dy't foarsein wurde. Earder waard al fanwege de wedstriid fan it Nederlânsk alvetal de begjintiid fan it kampioenskip nei foaren helle.
It soe foar de 46 kear hâlden wurde.