Kroanluchter Tsjom folslein

Nei fjirtich jier wachtsjen is de kroanluchter fan de tsjerke fan Tsjom wer folslein. De ieuwenâlde kroanluchter moast it al sûnt 1973 dwaan sûnder de bysûndere nammeskildsjes oan de boppekant. Op dy skilden stiene de namen fan de jildsjitters dy't de kroanluchter ea betellen. De skilden kamen twa jier lyn by tafal foar it ljocht by in partikulier. Dy hie de skilden fan syn heit krigen, mar wist net wêr't se wei kamen.
In restaurateur wist it al en sa binne de skilden no wer werom yn Tsjom. Se binne dit wykein foar it earst wer te sjen.