Sportkompleksen op sinnestroom

04 jul 2014 - 21:31

Der komme sinnepanielen op tolve sportkompleksen yn de gemeente Ljouwert. Alle sporthallen en gymlokalen binne yn behear by BV Sport. Doel is om 245-tûzen kilowatt oan stroom te produsearjen en dat is genôch foar 75 gesinnen.

Ek de swimbaden krije sinnepanielen. De gemeente Ljouwert hat al op 20 publike gebouwen panielen pleatst en it doel is om dit op noch 25 oaren te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)