Dei 1: 50.000 besikers TSR
De earste dei fan de Tall Ships Races yn Harns hat tongersdei goed 50-tûzen besikers lutsen, meldt de organisaasje. Op guon plakken yn de stêd wie it dreech troch te kommen, mar grutte ynsidinten wienen der net.
Mei-inoar ferwachtet de organisaasje oant en mei snein goed 350.000 besikers yn Harns.