'Solar Challenge nei A'dam'

04 jul 2014 - 17:05

De folgjende edysje fan de Solar Challenge start mooglik yn Amsterdam. Dat hat de organisaasje freedtemiddei bekendmakke by Omrop Fryslân. Dit jier wie de start yn Grins, foar it earst bûten Fryslân, en dat is goed befallen. De organisaasje wol graach de sinneboaterace op safolle mooglik plakken promoatsje. Amsterdam wurdt no as mooglik startplak foar 2016 besjoen. Der sil wol wer finishe wurde yn Ljouwert.

Freed waard foar it earst op sâlt wetter fearn. Dat wie yn de Willemshaven yn Harns. De organisaasje hat yn it foar goed ûndersyk dien nei de konsekwinsjes fan it sâlte wetter foar de boaten. Technysk is it helber, mar de boaten moatte sa gau se út it wetter komme wol goed ôfspield wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)