RfS sitting oer Prikkedaam

04 jul 2014 - 16:35

De gemeente Eaststellingwerf hopet by de Ried fan Steat in foarlopige foarsjenning te krijen foar Prikkedaam by Makkingea. Ofrûne moanne hat de Ried fan Steat it bestimmingsplan foar dit motorcrossterrein ferneatige. Omwenjenden woenen op dizze wize foarkomme dat de aktiviteiten op it terrein tanimme.

No't der gjin jildich bestemmingsplan is, binne der ek gjin bou- en gebrûksregels. De gemeente wol gjin nije aktiviteiten tastean op Prikkedaam, mar is benaud dat dy no net tsjin te hâlden binne.

Yn in foarlopige foarsjenning soe fêstlein wurde moatte dat it terrein allinnich as motorcrossterrein brûkt wurde mei oant der in nij bestemmingsplan is. De saak tsjinnet takom wike freed.

Trefwurden: 
Makkingea Prikkedaam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)