Abbegeaster omkaam troch fal
Yn Abbegea is freedtemiddei in man om it libben kaam. It 74-jierrige slachtoffer wie oan it wurk op it dak. Hy wie sinnepanielen oan it montearjen. By it wurk stapte hy troch in plestik golfplaat en foel dêrtroch 10 meter nei ûnderen. Helptsjinsten koene de man net mear helpe.