Tefreden oer ferrin TSR Harns

De organisaasje fan de Tall Ships Races yn Harns is tefreden oer it ferrin fan it evenemint oant no ta. Der wurde dizze dagen mear as 350 tûzen minsken yn Harns ferwachte. De grutte útdaging is om al dy minsken goed en wol by de tallships te krijen. En oant no ta slagget dat goed. Al soarget it parkearen yn doarpen krekt bûten Harns somtiden wol foar problemen. Minsken sette hjir de auto del en pakke dan de trein.
Benammen de Poiesz yn Frjentsjer hat mei oerlêst te krijen. De supermerk hat dêrom maatregels naam. Sa is in part fan it terrein ôfsetten mei winkelkarren mei briefkes derop en stiet in meiwurker bûten om te kontrolearjen oft de automobilisten wol komme om te boadskipjen.