Friezen pakt yn drugsûndersyk

04 jul 2014 - 15:38

Twa Friezen fan 70 en 75 jier binne oanholden yn in grut ûndersyk nei de produksje fan drugs. De resjerzje hat yn totaal seis minsken oppakt. It ûndersyk begûn ferline jier, neidat in drugslab yn Borculo oprôle waard. Dêrnei hat de plysje ynfallen dien yn fjirtjin loadsen en skuorren yn Fryslân, Gelderlân en Midden-Nederlân.

Yn Dedzjum en Nederhorst ten Berg binne twa drugslaboratoariums oantroffen. Hjir binne ûnder oaren gemikaliën en drugs (xtc en MDMA) fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)