Keunstwurk by Werpsterdyk

04 jul 2014 - 15:11

Yn de nije fytstunnel oan de Werpsterdyk is freedtemiddei in grut keunstwurk fan keunstner Maarten de Reus ûntbleate. De Reus makke it wurk, in tegelmuorre mei wite en griene tegels, yn opdracht fan de gemeente Ljouwert, Rykswettersteat en de provinsje.

De oerheden stekke yn totaal hast 1 miljoen euro yn sa'n 20 keunstwurken om de stêd moaier te meitsjen. Ek de nije fyts- en fartunnel by Techum hat freed in keunstwurk krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)