Van Hall net mei yn skoalfúzje

In fúzje tusken de hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert is in goeie saak foar it ûnderwiis, mar Van Hall Larenstein slút him der net by oan. Dat seit Diane Keizer fan it Kolleezje fan Bestjoer fan Van Hall Larenstein.
De lânbou-hegeskoalle weakket him op dit stuit los fan de Universiteit fan Wageningen en wol dêrnei sels in nije koers bepale. Dêr past no gjin fúzje by.