'Histoarje Amelân tagonklik'

De histoarje fan It Amelân moat digitaal tagonklik wurde foar publyk. Mei dat doel hawwe de Amelanner musea, de kultuerhistoaryske stifting 'De Ouwe Pôlle', Oud Amelandt en Amelander historie in gearwurking ûndertekene. De fjouwer klups ûndersykje oft harren kolleksjes digitaal makke wurde kinne, om sa foar in grutter publyk tagonklik te wurden.
Njonken âld byldmateriaal bestiet de kolleksje ek út in soad wittenskiplike publikaasjes oer it eilân. Foar it digitalisearjen sykje de klups noch frijwilligers.