CAO-konflikt by Douwe Egberts

04 jul 2014 - 06:37

De fakbûnsleden fan kofjebedriuw Douwe Egberts hawwe it plan foar in nije CAO ôfwiisd. Dat makken FNV Bondgenoten en CNV Vakmensen tongersdei bekend. De wurknimmers binne it net iens mei de leansferheging en ek oer de beleanning fan útstjoerkrêften is in skeel ûntstien.

De fakbûnen jouwe Douwe Egberts oant ein augustus de tiid om mei in nij CAO-bod te kommen. Dêrnei folgje aksjes. By Douwe Egberts wurkje goed twatûzen minsken, ûnder oare op De Jouwer.

Douwe Egberts lit yn in skriftlike reaksje witte it spitich te finen dat it einbod ôfkard is. Neffens it bedriuw hawwe se prima foarstellen dien, lykas senioareregelingen en maatregels foar duorsume ynsetberens fan de wurknimmers. Douwe Egberts sil de fakbûnsbestjoerders freegje om binnen no en ein augustus op 'e nij om tafel te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)