Stipe foar Fryske brassbands

03 jul 2014 - 20:13
  • Brassband Apollo fan Grou

It Prins Bernhard Cultuurfonds stipet 22 Fryske Brassbands. Alle ferienings krije maksimaal 1000 euro. It jild is bedoeld om de brassbands meidwaan te litten oan it NK, dit neijier yn Utert. De Organisaasje fan Muzykferienings Fryslân (OMF) hie de subsydzje oanfrege by it Cultuurfonds, omdat ferskate brassbands de kosten foar meidwaan oan it NK te heech fûnen.

Njonken de ekstra repetysjes en konserten wienen benammen it ynskriuwjild en it ferfier nei Utert in probleem. It OMF is bliid mei de finansjele stipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)